Marrit Leenstra 5e op 1000 m

Marrit Leenstra © awfoto.nl
Marrit Leenstra is yn Berlyn fiifde wurden op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden mei in tiid fan 1.15.85. De winst gong oertsjûgjend nei Heather Richardson yn 1.14.51, dy't dêrmei al hast in sekonde rapper wie as de nûmer twa Brittany Bowe. Lotte van Beek waard fjirde, Margot Boer achtste en Manon Kamminga einige op it tsiende plak.