Caparis yn de swarte sifers

Caparis
Troch hegere ynkomsten en legere bedriuwskosten hat Caparis oant en mei septimber fan dit jier in posityf resultaat helle fan ien miljoen euro. Dat bedrach is 1,6 miljoen euro better as earder begrutte wie. De sosjale wurkfoarsjenning hat folle mear post besoarge en ekstra opdrachten krigen foar skjinmakwurk. De kwekerij hat profitearre fan bettere prizen op de feiling. It syktefersom is ek bot nei ûnderen gien.
Caparis ferwachtet it jier ôf te sluten mei in posityf resultaat fan fjouwer ton.