Fêste regels foar dongsilo's

Der moatte fêste regels komme om boeren feiliger wurkje te litten yn en om dongsilo's. Dat fine in oantal skjinmakkers en ynspekteurs fan dongsilo's. De gearwurking moat liede ta in offisjeel karmerk. De belutsenen komme mei de oanskerping fan de wurkwize nei it dongsilo-ûngelok yn Makkingea. Dêr kamen doe trije minsken om it libben.
Jetty Middelkoop fan de Brânwacht Amstelland is lanlik saakkundige en adviseur yn de opslach fan donggassen. Se hat it mienskiplike advys opsteld yn oerlis mei de famylje fan de omkommen man út Makkingea.
Jetty Middelkoop is ien fan de belangrykste foarfjochters foar it feiliger wurkjen mei dongsilo's. Se fynt dat der yn it agrarysk ûnderwiis mear omtinken komme moat foar it skjinmeitsjen fan dongsilo's. Elkenien moat ek ferplicht kursussen folgjen bliuwe.