Antoinette de Jong wint 1000 m

Antoinette de Jong © ANP
Antoinette de Jong fan Rottum hat by har debút op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn de B-groep wûn. Se ried in tiid fan 1.18.09 en bleau dêrmei de Japanse Miho Takagi foar, dy ried 1.18.85. Ferline jier moast De Jong it by de junioaren noch ôflizze tsjin de Japanse.
De manlju yn de B-divyzje rieden in 500 meter, dêr wie gjin súkses foar de Nederlânske manlju. Hein Otterspeer waard fjirde, Lennart Velema 13e en Mark Tuitert 18e. Rob Hadders waard tredde op de 5 km.