Oanhâldings fjochterij Lemmer

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein by in grutte fjochtpartij op De Lemmer acht minsken oanhâlden. It giet om manlju út Millingen aan de Rijn en omjouwing fan tusken de 19 en 24 jier.
De groep hie it yn in kafee oan de stôk krigen mei in oare groep. Dêrby soe smiten wêze mei barkrukken en glêzen en der sneuvele in rút. De acht naaiden út yn in buske, mar de plysje hat se achterhelje kinnen. De manlju binne ynsletten en sille heard wurde.