Poging ta strjitrôf Ljouwert

08 des 2013 - 11:30

De plysje stelt in ûndersyk yn nei in poging ta strjitrôf yn Ljouwert. Op de Kanaalstrjitte waard in 39-jierrige Ljouwerter sneontejûn oanfallen troch in fytser, dy't him berôvje woe. Der ûntstie in wrakseling, wêrnei't foarbygongers de twa útmekoar hellen. De fertochte naaide út. It giet om in man fan in jier as 30, hy is sa'n 1 meter 80 en hat koart hier. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Ljouwert strjitrôf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)