Brassband Schoonhoven wint NBK

08 des 2013 - 02:05

By de 33e edysje fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen freed en sneon yn Martiniplaza fan Grins is brassband Schoonhoven ûnder lieding fan dirigint Erik Janssen foar de fjirde kear op rige kampioen wurden fan Nederlân. Brassband De Wâldsang fan Bûtenpost mei dirigint Rieks van der Velde waard tredde en brassband De Bazuin fan Oentsjerk mei Dirigint Klaas van der Woude waard fiifde.

Yn de 1e divyzje wie der in twadde plak foar de Spikerpakkeband fan Opsterlân, dizze brassband helle ûnder lieding fan dirigint Erik Janssen 92 punten. Brassband De Lofklank fan Oerterp helle ûnder lieding fan dirigint Jaap Musschenga 89 punten en dat wie ek goed foar it twadde plak yn de 2e divyzje.

Trefwurden: 
Grins NBK hafabra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)