LDODK ferliest fan topper TOP

07 des 2013 - 22:18

LDODK koe yn de wedstriid tsjin koprinner TOP yn de kuorbal league lang bybliuwe, mar moast dochs mei 26-21 belies jaan. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool hie healwei sels noch in minimale foarsprong: 12-11. Dêrnei naam de ploech út Sassenheim nei 14-14 it heft yn hannen. It gatsje waard fjouwer punten en dat ferskil koe LDODK net mear goedmeitsje. Erwin Zwart wie mei acht doelpunten de tûkste LDODK'er.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK kuorballeague
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)