Winst follybalfroulju Snits

De follybalsters fan Snits ha sneontejûn in maklike oerwinning helle tsjin Dynamo Apeldoorn. Mei 25-12, 25-14 en 25-21 waard de ploech út Apeldoorn oprôle. Foar spylster Hieke de Boer in moai ôfskied fan it thúspublyk. De Boer kin topfollybal mei wurk en stúdzje net mear kombinearje. Se spilet noch in pear útwedstriden en dan sit it follybal derop. Snein is ien fan dy wedstriden, de topper tsjin Alterno, dy oare ploech út Apeldoorn.