Lyk spul Cambuur by RKC

SC Cambuur hat yn de útwedstriid tsjin RKC Waalwyk ien punt oerholden. It waard 2-2, mei de beide Ljouwerter goals fan Michiel Hemmen. Thúsploech RKC kaam yn de 16e minút op foarsprong troch Robert Braber. Ut in hoekskop fan Marcel Ritzmaier soarge Michiel Hemmen yn de 34e minút foar de lykmakker. Trije minuten letter wie it opnij Hemmen, dy't opjaan fan Wout Droste, Cambuur op foarsprong sette. RKC brocht de stân wer yn it lykwicht nei in handsbal fan El Makrini yn de 54e minút. Sander Duits fersulvere de penalty.