Winst op ploege-achterfolging

07 des 2013 - 16:52

Jorrit Bergsma, Douwe de Vries en Jan Blokhuijsen hawwe by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn de ploege-achterfolging wûn. Se setten in tiid del fan 3.41.46 en bleaunen dêrmei Súd-Koreä krekt foar, dy ploech klokte 3.41.92. Tredde waarden de Poalen yn 3.43.81.

Nederlân hat oant no ta alle wrâldbekerwedstridn nop de ploege-achterfolging wûn en is dus klassemintslieder. Yn dat klassemint steane de Koreanen twadde en de Feriene Steaten op it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)