Ireen Wüst de bêste op de 1500

07 des 2013 - 15:28

Ireen Wüst hat sneon yn Berlyn de wrâldbekerwedstriid op de 1500 meter wûn. Se die dat yn in tiid fan 1.55.33. Lotte van Beek waard tredde yn 1.56.28 en Marrit Leenstra foel wer krekt neist it poadium mei in tiid fan 1.56.45. De Poalse Katarzyna Bachleda nestele har tusken de Nederlânske rydsters op it twadde plak.

It wie foar Wüst de twadde kear dat se in wrâldbekerwedstriid op de 1500 meter dit seizoen wûn. Har winnende tiid wie sneon net de bêste tiid fan de dei, want Jorien Mors ried yn de B-divyzje earder op de dei 1.54.88.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)