Sjoerd de Vries 10e op 1000m

Sjoerd de Vries, Thialf, wrâldbekerwedstriden © awfoto.nl
Sjoerd de Vries fan Twellingea is yn Berlyn sneon 10e wurden op de 1000 meter fan de wrâldbekerwedstriid yn Berlyn. Bêste Nederlanner wie Michel Mulder, dy't twadde waard achter de winner Tae-Bum Mo út Súd-Koreä. Sjoerd de Vries syn tiid wie 1.10.14, dat wie 0,64 stadiger as de winnende tiid.
It lêste ûnderdiel yn Berlyn is sneon de ploege-achterfolging foar manlju. Snein is de tredde dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn, dan stiet ûnder oare de 5 kilometer foar de manlju en de ploege-achterfolging foar de froulju op it programma.