700 spegelkarpers útsetten

07 des 2013 - 12:40

Yn Fryslân wurde sneon hast 700 spegelkarpers út setten. Dat wurdt dien omdat de fisk hjir fan natuere net oerlibje kin. De spegelkarpers komme út in kwekerij út Frankryk. Alle karpers wurde yn Wergea op de foto setten en woegen, sadat neigien wurde kin hoefolle de fisken groeie. Dêrnei wurde de fisken op ferskate plakken útsetten. Dat is ûnder oareyn de Tsjûkemar, de Langwarder Wielen en de Aldegeaster Brekken.

Fiskferiening Karper Sportvisserij Nederland hopet dat de Spegelkarper nei ferrin fan tiid sels oerlibje kinne.

Deputearre Johannes Kramer en Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hawwe moanrs symboalysk de earste spegelkarpers frijlitten.

Trefwurden: 
spegelkarpers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)