Poging ta deaslach De Gordyk

07 des 2013 - 10:54

De plysje hat freedtenacht in 34-jierrige ynwenner fan De Gordyk oanholden op fertinking fan bedriging en poging ta deaslach fan in 22-jierrige Gordykster. De fertochte en it slachtoffer hienen earder al lijen hân. mar it rûn út de hân doe't de fertochte mei in honkbalknuppel begûn te slaan.

De fertochte waard troch omstanners ôffierd, wêrnei't dizze troch de plysje oanholden wurde koe. It slachtoffer docht gjin oanjefte.

Trefwurden: 
De Gordyk deaslach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)