Arumer trije kear oer de kop

07 des 2013 - 10:22

In 37-jierrige automobilist út Arum is freedtejûn op it ferkearsplein fan De Jouwer trije kear oer de kop slein. De man wie de macht oer it stjoer kwytrekke. It ûngelok wie om in oere as acht. De Arumer is mei ûnbekende ferwûnings per ambulânse nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)