SR feilings: goed 35.000 euro

Hûnderten Friezen kamen freed op de lêste grutte feiling foar Serious Request ôf. Sûnt febrewaris dit jier waard der alle moannen in feiling hâlden foar it Reade Krús yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Freed waard 10.000 euro ynsammele. Yn totaal hawwe de feilings goed 35.000 euro opsmiten.
De feilingmasters by de lêste grutte feiling wiene, krekt as by de earste, de advokaten Anker en Anker. Twa fan de topstikken dy't feild waarden wiene in foto fan Eric Corton en in rûnlieding troch it Glêzen Hûs. Gewoanwei mei publyk dêr net komme.