Wetterstân bedriget einekoaien

Twa fan de sân einekoaien op Skylge driigje grutte skea op te rinnen troch it hege wetter. De koaidiken stean op trochbrekken wêrtroch't der sâlt wetter yn komme kin. Foaral ynwenners fan Easterein binne no yn 't spier om dat foar te kommen.
It giet om de Horrekoai en de Jan Willemskoai bûtendyks op de Grië. Kninen hawwe gatten makke yn de diken. As der in soad sâlt wetter yn komt, gean de beammen yn it koaibosk dea. As it swiete wetter sâlt wurdt, komme der gjin einen mear. Mei sânsekken wurdt besocht it wetter tsjin te hâlden.