Oenema sechsde op 500 m Berlyn

06 des 2013 - 16:46

Thijsje Oenema fan De Jouwer wie freed de bêste Nederlânske reedrydster op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Berlyn. Oenema notearde de sechsde tiid mei 38.22 sekonden. Margot Boer kaam út op it achtste plak yn 38,32 en Anice Das hie de njoggende tiid yn 38,41. Sang-Hwa Lee út Koreä waard de winner yn 37.36. De Russise Olga Fatkoelina is twadde wurden en Beixing Wang is as tredde einige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)