Dykbewaking aanst opheffe
Wetterskip Fryslân tinkt foar freed trije oere de bewaking fan de Waaddiken opheffe te kinnen. Dy waard freedtemoarn om njoggen oere ynsteld, omdat opnij in hege wetterstân ferwachte waard. Dy kaam der ek, mar net sa heech as tongersdeitejûn en -nacht. Foar de rest fan de dei wurde ek gjin grutte problemen mear ferwachte.
Ut ynspeksje fan it wetterskip hat bliken dien dat de diken gjin grutte skea oprûn hawwe. Wol is der in soad rotsoai achterbleaun.