Kontenerskip noch op drift

Haven fan Harns © ANP
De Kustwacht is der noch net yn slagge in sleep fêst te meitsjen oan it kontenerskip Balticborg dat op drift rekke is by Flylân. It skip is dêr tongersdeitejûn foar anker gien, omdat it net yn de stoarm opkomme koe. It sloech lykwols los en driuwt no op see om.
It lossleine kontenerskip wurdt wol yn 'e gaten hâlden troch in sleepboat, mar dy is stikken en moat earst reparearre wurde.