Jieroersjoch 2013

De ein fan 2013 is yn sicht. Heech tiid om werom te sjen op it ôfrûne jier. De wichtichste, opmerklikste en aardichste nijssaken hawwe wy foar jo op in rige set op www.omropfryslan.nl mei fideo en foto's.
It ûngelok yn de âldjiersnacht yn Raard, iiswille, de brân yn de tsjerke fan It Amelân, de rjochtsaak tsjin de moardner fan Marianne Vaatstra. It binne allegearre saken dy't Fryslân yn it earste fearnsjier yn 'e besnijing hâlde. In oersjoch fan de earste trije moannen fan 2013 is no te besjen. Takom wike folget it twadde fearnsjier.