Opnij dykbewaking

It wetterskip stelt freedtemoarn opnij dykbewaking yn lâns de Waadkust. De organisaasje docht dat, omdat der oan de ein fan de moarn wer in flinke ferheging fan de wetterstân ferwachte wurdt. It giet dan om hegere wetterstannen as earder tocht waard.
De Kustwacht meldt dat by Flylân in Turksk kontainerskip losrekke is. Dat wie by it eilân foar anker gien, omdat it net mear yn de stoarm opkomme koe. Der is yntusken in sleepboat by it skip om it yn 'e gaten te hâlden.
De Fryske brânwacht moast sa'n trichtich kear yn aksje komme.
De meldingen giene ûnder oare oer it dak fan de grifformearde tsjerke yn Frjentsjer, dat los drige te reitsjen. In koarke dat yn de tsjerke oefene, waard út foarsoarch evakueard. Yn Balk moast de brânwacht helpe by it opromjen fan in beam, dy't op in auto fallen wie. Neffens de brânwacht binne der oerdeis en nachts gjin minsken ferwûne rekke. Lanlik ried de brânwacht mear as 4500 kear út fanwege stoarmskea.