Pier Holwert net tagonklik

De pier by Holwert is freedtemoarn ôfsletten. Dat is dien omdat er diels ûnder wetter stiet. It ôfsluten fan de pier hat foarearst gjin gefolgen foar de boaten nei It Amelân. Rederij Wagenborg hie fanwege de hurde wyn en it hege wetter tongersdei al besletten om pas yn de rin fan de middei wer te farren.