Heechste wetterpeil by Harns

06 des 2013 - 05:42

It wetterskip hat tongersdeitejûn by Harns it heechste wetterpeil fan Fryslân metten. By de stêd helle it wetter in hichte fan 3.42 meter boppe NAP. Dat wie krekt in sintimeter mear as by Skiermûntseach. Dêr waard in hichte fan 3.41 boppe NAP metten. By It Amelân wie it 3.34 boppe NAP. It wetter kaam dêrmei heger as earder tocht waard.

Fryslân siet noch wol ûnder de hichtes dy't by de Grinslanner kust metten waarden. By Lauwerseach waard bygelyks 3.72 boppe NAP helle.

Om foar te kommen dat it hege wetter en de stoarm skea oanrjochtsje oan de dyk, waard dykbewaking ynsteld. Meiwurkers fan it wetterskip en frijwilligers ynspektearren fan it begjin fan de jûn oant healwei de nacht de Waadkust. Freedtemoarn meitsje sy opnij in rûntsje, om by ljocht te sjen oft der ek skea is. Dêr liket it neffens it wetterskip net op.

Freedtemoarn wurdt ek bepaald oft der opnij dykbewaking ynsteld wurdt. Foar freed oerdeis wurdt wer heech wetter ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)