Skip Rykswettersteat losslein

Troch de kombinaasje fan stoarm en heech wetter is yn de nacht fan tongersdei op freed by Holwert in skip fan Rykswettersteat losslein. It skip is ôfdreaun nei de kwelders oan de eastkant fan de feardaam by Holwert. It leit dêr tsjin de betonblokken oan. Neffens Rykwettersteat is der gjin gefaar foar de skipfeart. De organisaasje besjocht freedtemoarn tegearre mei it wetterskip hoe't it skip fuorthelle wurde kin.