Ferfolging deadlike oanfarring

05 des 2013 - 16:59

De skipper dy't yn juny belutsen wie by in deadlike oanfarring op it Prinses Margrietkanaal by Grou wurdt ferfolge. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. By it ûngelok kaam in echtpear út Limboarch om it libben. De skipper fear te hurd en hy hie de mêst nei ûnderen helle sadat de kamera dêrop net goed wurke.

In oare skipper, dy't yn maaie belutsen wie by in deadlik ûngelok by Tsjerkgaast, wurdt net ferfolge. By dit ûngelok kaam in 81-jierrige frou om it libben. De sloep dêr't se yn siet, hie motorpech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)