Skoallen ticht troch stoarm

© Omrop Fryslân
Hieltyd mear skoallen beslute har learlingen nei hûs ta te stjoeren yn ferbân mei de stoarm. RSG Simon Vestdijk yn Harns en Frjentsjer hat alle learlingen nei hûs ta stjoerd. De skoalle makke dat beslút om't in soad bern yn it bûtengebiet wenje en mei de fyts of it iepenbier ferfier nei hûs ta moatte. Om der wis fan te wêzen dat alle learlingen feilich thúskomme, mochten se earder nei hûs.
Ek de Annamaria van Schuurmanskoalle yn Frjentsjer en learlingen fan Piter Jelles yn ûnder oaren Ljouwert, Dokkum en Kollum meie earder nei hûs.