Brêge De Tille yn maart klear

05 des 2013 - 10:58

Swier ferkear kin fan maart takom jier ôf wer oer de brêge yn Koatstertille. De provinsje set yn jannewaris útein mei it stabilisearjen fan de fundearring. Dy is dan wer sterk genôch om it gewicht fan frachtweinen, bussen en trekkers te dragen.

Op 13 novimber waard troch de provinsje in ferbod ynsteld foar swier ferkear oer de brêge. Dat waard dien nei't in tanker tsjin de brêge oanfearn wie. De brêge en fundearring rekken dêrby beskeadige.

Trefwurden: 
brêge Koatstertille
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)