Stoflik omskot stjoerman fûn

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat woansdeitemiddei yn de Theodorushaven yn Bergen op Zoom it stoflik omskot fan in 49-jierrige man út Balk fûn. De man wurke as stjoerman op in skip. Earder op de dei melden kollega's fan de man by de plysje dat er fermist wie. De wetterplysje fûn it lichem om healwei twaen hinne yn it wetter.
Ut it ûndersyk fan de plysje en in GGD-dokter docht bliken dat de man oan wâl west hat en dêr nei alle gedachten in hertstilstân krigen hat. Dêrtroch is er yn it wetter rekke.