Boete EVT skrast
Rederij EVT fan Skylge hoecht in boete fan 10.000 euro net te beteljen. De EVT krige de straf om't it nei motorpech te let yn de haven fan Harns oankaam.
De steat oardiele dat de rederij yn oertreding wie en joech in boete. De rjochtbank fan Ljouwert fynt lykwols dat it om oermacht gie en hat de boete skrast.