SC Hearrenfean buorket goed

© ANP XTRA
Sportklup Hearrenfean docht it finansjeel better as tocht. Troch hegere sponsorbydragen, legere personielskosten en bettere wedstriidopbringsten giet der goed fjouwer ton mear om as yn it earste fearnsjier fan 2012.
Foar direksje en kommissarissen is it in teken dat se op de goede wei binne mei it ferbetterjen fan de organisaasjestruktuer fan de klup. Se ferwachtsje troch it resultaat yn de feilige kategory 3 fan de KNVB te bliuwen.