Fryske setters wer nei Kenia

02 feb 2012 - 17:10

Fryske bouboeren binne bliid mei it beslút fan it Keniaanske regear om de ymport fan Nederlânske setierappels wer ta te stean. Kenia hat de grinzen lang ticht hâlden om't se benaud wiene foar plantesykten. Mar de rystylt nimt ôf, wylst dy fan ierappels tanimt.

Punt is wol dat der net genôch goed poatguod is. Der sil ynearsten foar 100 ton oan Nederlânske setters nei boeren yn it Afrikaanske lân ferfierd wurde.

Trefwurden: 
poater setter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)