Twa himpkwekerijen oprôle
Yn in bedriuwsgebou oan de Edisonstrjitte yn Frjentsjer is tongersdeitemoarn in himpplantaazje oprôle. Der stiene 800 himpplanten. De enerzjy waard yllegaal ôftape.
Yn in skuorre oan de Lange Dyk yn Minnertsgea is ek in himpkwekerij ûntdutsen. Hjir gie it om 350 planten en ek hjir is yllegaal stroom ôftape. De plysje hat twa fertochten oanhâlden.