Draachynsynje foar Gerrit Blok

De 93-jierrige Gerrit Blok fan It Hearrenfean hat woansdeitemoarn út namme fan it ministearje fan Definsje it Draachynsynje Ferwûnen krigen. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch wie Blok as jongeman fan 19 jier lid fan it 4e Regimint Ynfantery Depotbataljon. Op 10 maaie 1940 waard dat bataljon nei fleanfjild Ypenburg by Den Haach stjoerd om tsjin de Dútsers te fjochtsjen. De slach waard wûn, mar Blok waard yn de skonk rekke troch in kûgel.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan rikte it Draachynsynje Ferwûnen en in oarkonde út.