Gjin grut riolearringssysteem

Rioel © Omrop Fryslân
De riolearringstaken fan de gemeente Súdwest-Fryslân en de wettersuveringstaken fan it Wetterskip komme net yn ien organisaasje. It kolleezje fan b. en w. fan Súdwest-Fryslân hat der net mei ynstimd. It wetterskip is bot teloarsteld. It deistich bestjoer fan it Wetterskip wie wol akkoart.
Undersyk hat dúdlik makke dat der bot besparre wurde kin op de wetterketen. Dêrop ha Wetterskip Fryslân en de gemeente Súdwest-Fryslân ûndersocht of't se mei-inoar in ôffalwetterketenbedriuw opsette koene. De gemeente fynt dat der te min foardielen binne.