Fryslân klear foar de stoarm

Fryslân makket him op foar de stoarm. De Jousterslûs by De Jouwer is fan woansdeitemiddei oant freedtemiddei 12 oere sletten yn ferbân mei de ferwachte stoarm. Rederij Doeksen fart tongersdei mei in oanpaste tsjinstregeling. De plysje fan It Amelân en Skylge ropt minsken op om de auto net op de pier en oan de haven te parkearen om't der heech wetter ferwachte wurdt.
De stoarm wurdt tongersdeitemiddei en -jûn ferwachte, út it westen/súdwesten, mei snelheden fan 100 km yn de oere. Boppedat sil it tongersdei op it waad ek springtij wêze.