Omkommen fytser is Ljouwerter

Fytser komt ûnder frachtwein © Anton Kappers
De fytser dy't tiisdei by in ûngelok op it Europaplein om it libben kaam is is in 77-jierrige man út Ljouwert. De man stie by de rotonde te wachtsjen, mar stuts oer op it momint dat in ôfslaande frachtwein fan definsje de bocht noch net hielendal om wie. De man botste tsjin de oanhinger en waard oerriden.
De maresjesee yn Ljouwert ûndersiket it ûngelok.