Bekerwedstriid toch op jûn

De bekerwedstriid SC Cambuur-FC Utrecht wurdt woansdei 18 desimber net om 16.45 mar om 20.00 oere spile. De wedstriid is dan wol tagelyk mei de iepening fan it Glêzen Hûs yn Ljouwert. In groep supporters hat by boargemaster Crone foar de doar aksjefierd tsjin it tiidstip.
De klups, plysje en de KNVB ha der nochris nei sjoen en binne ta de konklúzje kaam dat it dochs feilich en ferantwurde is om de wedstriid jûns te spyljen. It middeis spyljen fan de wedstriid soe Cambuur 25.000 euro kostje.
Cambuur en FC Utrecht ha besletten dat de wedstriid yn it teken stiet fan Serious Request. De supportersklup "Kern van Cambuur" ferwachtet in fol stadion.