Protte fûgels op Waadeilannen

03 des 2013 - 21:16

It giet goed mei de greidefûgels op de Waadeilannen. Dit jier hawwe de krityske soarten as de ljip, skries, strânljip en tsjirk in goed briedseizoen hân. Dat docht bliken út tellingen op It Amelân, Skylge en Skiermûntseach. Benammen de strânljip hat it goed dien. it tal broedpearen naam mei 25 persint ta. Dat is opfallend om't it foarjier kâld en droech wie. Om't de natoer op de eilannen trije wike efter rint, hawwe benammen de aaien fan de strânljip mear kansen krigen. Sa is de ferklearring fan de Agrarische Natuurvereniging Waddenzee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)