Net Mercurius mar LEO

03 des 2013 - 17:33

It liket dien te wêzen mei de lokale stjoerder Mercurius. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert jouwe de lokale omrop gjin stjoerlisinsje. Dy machtiging giet nei de nije stjoerder LEO. In ûnôfhinklik kertiermakker hat dit advys jûn. Dêrmei is der in oplossing foar de striid om de stjoerlisinsje fan de lokale omrop yn Ljouwert. LEO krijt de foarkar omdat de stjoerder net allinnich each hat foar de stêd, mar ek it plattelân om Ljouwert hinne. De gemeenteried moat dizze moanne noch in definityf beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)