Driichbrief foar bestjoer Fean

03 des 2013 - 17:14

It stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean hat in driichbrief krigen fan in groep dy't him de 'Knokploeg Heerenveen' neamt. Dêryn wurdt hurde taal brûkt en mei geweld drige. De brief is besoarge op it postbusadres fan it stichtingsbesjoer. De plysje is op 'e hichte brocht en is úteinset mei in ûndersyk.

De knokploech seit dat se de hurde kearn binne fan de supporters. Se neame de bestjoersleden 'weerzinwekkende kankerhonden' en sizze dat se net langer tolerearje dat dy de klup noch fierder kapot meitsje.

Bestjoersleden moatte dwaan wat de supporters easkje oars folgje keihurde strafmaatregels, sa wurdt drige. Fan bestjoerders dy't de brief krije sille 'de remliedings fan de auto trochsage wurde'. En by 'kankerhonden dy't net lústerje wolle sil de wenning 's nachts yn brân stutsen wurde', sa stiet yn de brief. De briefskriuwers easkje dat it stichtingsbestjoer fuortendaliks ûntbûn wurdt en dat Wiebe Wieling in nij bestjoer gearstalt. Wieling stapte in wike lyn op as foarsitter fan it bestjoer. Foarsitter Anne Hettinga fan it stichtingsbestjoer wol op dit stuit gjin kommentaar jaan. De supportersferienings fan Hearrenfean hawwe gjin idee wêr't de brief weikomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)