Garypster ferûngelokke

Man ferûngelokke yn Limburch © L1
Op de A73 by it Limboarchske Echt is moandei in 48-jierrige man út Garyp swier ferwûne rekke en letter ferstoarn. De man kaam troch ûnbekende oarsaak mei syn auto ûnder de oplizzer fan in frachtwein fêst te sitten. De brânwacht hat de man út it autowrak helle en nei it sikehûs brocht. Dêr is hy letter oan syn ferwûnings ferstoarn. De plysje ûndersiket it ûngelok. Mooglik hat it slachtoffer net op 'e tiid sjoen dat foar him in file ûnstie.