Piter Jelles duorsum dwaande

Piter Jelles krijt sertifikaat © Piter Jelles Gymnasium
It Piter Jelles Gymnasium yn Ljouwert hat in Fair duorsumsertifikaat krigen foar har plannen om duorsumer te wurkjen. Dat docht de skoalle op tal fan wizen. Sa wurdt der dûbelsidich printe, wurde der fairtrade krystpakketten útdield en wurde learlingen en leararen frege om op 'e fyts nei skoalle te kommen. It Fair duorsumsertifikaat is ûnderdiel fan it lanlike projekt Consumptie Verplicht en wurdt yn Fryslân útfierd troch Tûmba.