Alvestêdekoarts nimt ta

02 feb 2012 - 16:15

De Alvestêdekoarts nimt ta. Want der leit iis en de waarfoarsizzings lykje goed. Mar is dy koarts no allinne by de Hollanners, oanwakkere troch de media? Of kribelet it ek by de Friezen?

Neffens âld-foarsitter Henk Kroes fan de Vereniging de Friesche Elfsteden hat der altyd al in mediahype west om de tocht der tochten hinne. Ek foar hjoeddeistich foarsitter Wiebe Wieling is it al wer ien en al drokte mei de parse. Piet Paulusma hâldt it derop dat de froast yn alle gefallen oant woansdei bliuwt.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)