Karper fan 22 kilo

By in ûndersyk fan Sportvisserij Nederlân nei de fisken yn de Mercuriusfiver op It Hearrenfean is tiisdeitemoarn in karper fan 22 kilo swier en 1.03 meter lang nei boppe helle. It wie de langste karper dy't ea fongen is troch de ûndersikers. Dêrmei is net sein dat der gjin gruttere karpers rûnswimme yn Nederlân; mar eltsenien is it der wol oer iens dat dit wol in hiele grutte wie. It ûndersyk barde op fersyk fan minsken fan de Hengelsportvereniging Heerenveen dy't in kursus fiskstânbehear folgje.
Dy wolle ek graach witte of der noch mear fisk útset wurde kin en dat liket goed mooglik want der sit no net in hiel soad karper yn. In soad fisk is nei alle gedachten opfretten troch ielguozzen.