Takomst Hartsuiker ûnwis

De politike karriêre fan Age Hartsuiker liket der op te sitten, no't de gemeenteried fan Hearrenfean it fertrouwen yn him as wethâlder opsein hat. Hoewol't Hartsuiker as listlûker fan Gemeentebelangen opnij yn de ried keazen is, is it bestjoer fan de partij mei him yn petear oft dat wol ferstannich is. Ynterim-foarsitter Jan Hemminga fan Gemeentebelangen Hearrenfean snapt dat de gemeenteried Hartsuiker fuortstjoert, neidat er net fluch genôch tajûn hie dat er in fertroulike kolleezjemail lekt hie nei syn fraksje.
Fia riedslid Tuithof bedarre de ynformaasje dêrnei by de Ljouwerter Krante. Ynterim-foarsitter Hemminga wol yn elts gefal foar 9 desimber dúdlikens hawwe oer de takomst fan Hartsuiker. Op dy dei moat Hartsuiker syn ûntslachbrief as wethâlder oan de ried skreaun hawwe, oars stjoert de ried him dan formeel fuort.