Jan Jaap stim Fries Museum

03 des 2013 - 12:26

Kabaretier Jan Jaap van der Wal hat de audiotoer fan it nije Fries Museum ynsprutsen. De besikers kinne mei de toer harkje nei ferhalen dy't Van der Wal fertelt oer it museum en Fryslân. Jan Jaap van der Wal is berne yn Ljouwert.

Neffens de kabaretier is de audiotoer krekt wat oars as gewoan. By in tradisjonele toer wurdt faak in ferhaal fertelt oer yndividuele stikken, mar by dy fan it Fries Museum komme ek oare saken oan 'e oarder. Sa bellet Van der Wal mei Jort Kelder, dy't op syn beurt dan wer fertelt oer de Poptaskat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)