Stoarm en springtij
Fryslân hat tongersdei te krijen mei stoarm en springtij. Derfoar warskôget waarman Pyt Paulusma. De wyn kin yn it waadgebiet oanlûke oant krêft 9 of 10. De stoarm soarget ek foar springtij en heech wetter. Dit kin foar problemen soargje. Ek tongersdeitejûn en freed is der in hurde wyn en kâns op winterske buien.