Gjin betrouwen yn Hartsuiker

02 des 2013 - 23:31

In grutte mearderheid yn de gemeenteried fan Hearrenfean stipet in moasje fan wantrouwen tsjin wethâlder Age Hartsuiker. Allinnich syn eigen partij Gemeentebelangen Hearrenfean stimde tsjin. Dat die moandeitejûn bliken op in ekstra riedsgearkomste oer de útkomsten fan in rapport oer de gong fan saken om in fertroulik stik hinne dat Hartsuiker lekt hat nei de fraksje fan Gemeentebelangen Hearrenfean.

Om't de wethâlder sels net oanwêzich wie, kriget er oant nije wike moandei de tiid om op de moasje te reagearjen. De ekstra riedsgearkomste waard drok besocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)